Kearndoelen
It lesmateriaal fan Fokus Fryslân beäntwurdet
oan de folgjende kearndoelen, sa’t dy troch it
ministearje formulearre binne:
Foar alle edysjes fan Fokus
jildt:
4 De learlingen leare ynformaasje
te efterheljen yn ynformative en ynstruktive teksten,
dêrûnder skema’s, tabellen en digitale
boarnen.
9 De learlingen krije nocht
oan it lêzen en skriuwen fan foar harren bestimde
ferhalen, gedichten en ynformative teksten.
20 De learlingen leare ynformaasje
te sykjen út teksten yn it Frysk yn frekwint
foarkommende teksttypen (lykas artikels yn jeugdrubriken,
lietsjes, ferhalen)
22 De learlingen krije in wurdskat fan frekwint brûkte
Fryske wurden en strategyen foar it begripen fan foar
harren ûnbekende wurden.
51 De learlingen leare gebrûk
te meitsjen fan ienfâldige histoaryske boarnen
en leare oantsjuttings fan tiid en tiidsyndieling te
brûken.
52 De learlingen leare oer
karakteristike aspekten fan de neikommende tiidfakken:
jagers en boeren; Griken en Romeinen; mûntsen
en ridders; stêden en staten; ûntdekkers
en herfoarmers; reginten en foarsten; pruken en revolúsjes;
boargers en stoommasines; wrâldoarloggen; televyzje
en kompjûter.
53 De learlingen leare oer
de wichtige histoaryske persoanen en barrens út
de Nederlânske skiednis en kinne dy foarbyldmjittich
ferbine mei de wrâldskiednis.
56 De learlingen krije wat
kennis oer en wurdearring foar aspekten fan kultureel
erfgoed.
Foar
Fokus 3 jildt boppedat
48 Bern leare oer maatregels dy’t yn Nederlân
nommen binne / wurde om bewenning fan troch wetter bedrige
gebieten mooglik te meitsjen.
Foar Fokus 4 jildt boppedat
38 De learlingen leare haadsaken oer geastlike streamings
dy’t yn de Nederlânske multykulturele maatskippij
in wichtige rol spylje.
|