Klik op de boekjes om de pdf's te downloaden

 

leauwen

Leauwen yn Fryslân

Leauwe yn goaden is fan alle tiden. De measte minsken dy’t leauwe sykje in plak om har godstsjinst fiere te kinnen. Ieuwen lyn gongen Friezen dêrfoar nei hillige iken. Letter bouden se tsjerken en noch wer letter synagogen en moskeeën.
Rûnom yn Fryslân fynst noch spoaren fan dy leauwige minsken. Yn it lânskip steane noch de gebouwen dêr’t se hinne gongen. In protte dêrfan wurde ek no noch brûkt troch leauwige minsken. Yn musea fynst de bysûndere foarwerpen dy’t minsken foarhinne brûkten op har hillige plakken.
Yn dit boekje kinst lêze oer dy bysûndere plakken yn Fryslân. En oer de foarwerpen en ferhalen dy’t derby hearre.

 

Wenjen, hjoed en juster

Yn twatûzen jier tiid is Fryslân wurden wat it no is. Dit boekje giet oer hoe’t de minsken yn Fryslân wennen. It lit moaie âlde huzen fan rike minsken sjen en ek hoe’t earme minsken wenje en libje moasten. Hoe wie it om op in terp te wenjen? Wie it gefaarlik yn in stêd? Friso fertelt dy yn dit boekje hoe’t it libben wie yn de lêste 1000 jier!

Friezen fan Formaat

In tal histoaryske figueren krije omtinken yn dit boekje. De ynformaasje bringt de skiednis fan dizze provinsje tichtby. Yn elts haadstik wurdt yn fûgelflecht omtinken jûn oan in tiidrek en ien of mear ferneamde Friezen. Friso fertelt oer de terpen en de midsieuske kleasters, mar ek oer de Tachtichjierrige Oarloch, de sosjale striid oan ’e ein fan de 19de ieu en de Twadde Wrâldoarloch.

Oan it wurk!

It nijste boekje fan Fokus Fryslân fertelt noch folle mear oer Fryslân fan 100 jier lyn, mar ek oer de tiid fan no. Dit boekje giet oer it wurkjen yn Fryslân. Der is wurk dat 100 jier lyn hiel gewoan wie, mar no net mear nedich is. En fansels binne der ek nije beroppen bykommen troch de technologyske foarútgong.
Friso fertelt oer âlde en nije beroppen en fan alles dat dêrmei te krijen hat. Oer turfskippers, winkelmannen, boeren, arbeiders, mar ek oer molkrobots en …muskusratten!